Cornelis Vermuyden
Cornelis Vermuyden (Sint-Maartensdijk (Tholen) 1590 - Londen, oktober 1677) wie in Siuwsk wetterboukundige dy't Nederlânske wetterboutechniken yn Ingelân yntrodusearre en in begjin makke mei it drûchlizzen fan The Fens yn East Anglia.
Biografy
Vermuyden folge in oplieding ta lânmjitter en wurke yn de tiid fan it Tolvejierrich Bestân mei oan it bedykjen yn Siuwsk-Flaanderen en op de Bevelannen. Yn 1619 helle syn sweager him oer om nei Ingelân te kommen en hy yntrodusearre him oan it Ingelske hof. Koart skoft letter moast er in trochbrutsen dyk by Dagenham oan de Teems tichtsje en de keninklike tunen by Windsor Castle ûntwetterje. Hy waard ferneamd fan syn wurk yn Hatfield Chase en The Fens. Beide projekten liet er útfiere troch Siuwske en Hollânske arbeiders wat skeel mei de pleatslike befolking joech. Karel I adele him op 6 jannewaris 1629, sûnt is er yn Ingelân ferneamd as "Sir Cornelius Vermuyden".
Cornelis Vermuyden waard 1633 naturalisearre ta Ingelskman. Mei dat in stikmannich projekten finansjeel mislearren krige er skulden en bedarre er yn de finzenis. Hy waard op 15 oktober 1677 beïerdige yn Westminster.
Vermuyden syn wichtichste publikaasje is A Discourse touching the drayning the Great Fennes, lying within the severall counties of Lincolne, Northhampton, Huntington, Norfolke, Suffolke, Cambridge and the Isle of Ely (Londen 1642).
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Nederlânsk
Ingelsk
|