[go: nahoru, domu]

Springe nei ynhâld

Seiun-priis

Ut Wikipedy
The printable version is no longer supported and may have rendering errors. Please update your browser bookmarks and please use the default browser print function instead.
Seiunshō
星雲賞
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Japansk
útrikt foar science fiction-,fantasy- en horror-
   literatuer en -film
útrikt troch Seiun (tydskrift)
frekwinsje 1x jiers
1e útrikking 1970
offisjele webside
gjint

De Seiun-prizen (Japansk: 星雲賞, Seiunshō) binne in groep Japanske prizen dy't elts jier yn ein augustus útrikt wurde oan 'e bêste literêre en ferfilme Japansktalige science fiction-, fantasy- en horrorwurken fan it foargeande jier. Seiun is Japansk foar "dize" (yn 'e sin fan in gaswolk yn 'e romte), dat de priis hat dus deselde namme as de Amerikaanske Nebula Award, mar de beide prizen hawwe fierders neat mei-inoar út te stean, en de Seiun-priis is eins ferneamd nei in Japansk science fiction-tydskrift fan deselde namme, dat yn 1954 oprjochte waard. De Seiun-priis, dy't foar it earst útrikt waard yn 1970, is fierwei de wichtichste Japanske science fiction- en fantasypriis en kin datoangeande as de Japanske ekwifalint fan 'e Amerikaanske Hugo Award beskôge wurde.

Tawizing en kategoryen

De Seiun-prizen wurde tawiisd op basis fan in stimming ûnder de leden fan 'e jierliks holden Nihon SF Taikai (of "Japanske Science Fiction-Konvinsje"), en de útrikkingsseremoanje fan 'e Seiun-prizen foarmet it hichtepunt fan dy konvinsje. De prizen wurde tsjintwurdich útrikt yn tsien kategoryen:

Winners fan 'e oersette kategoryen

Ynternasjonaal binne fral de prizen foar "oersette lange foarm" en "oersette koarte foarm" ynteressant. Under de skriuwers dy't dy prizen alris wûnen, binne Michael Crichton (1971, lange foarm), foar The Andromeda Strain; Robert A. Heinlein (1978, lange foarm), foar I Will Fear No Evil; George R.R. Martin (1983, koarte foarm), foar Nightflyers; Orson Scott Card (1989, koarte foarm), foar Eye for Eye; Isaac Asimov (1996, koarte foarm), foar Robot Dreams; en Kim Stanley Robinson (1999, lange foarm), foar Red Mars. Guon auteurs, wêrûnder Larry Niven, Arthur C. Clarke, Roger Zelazny, Jerry Pournelle en David Brin, hawwe ferskate kearen in Seiun-priis wûn. Alle winners steane fernijd op dizze side, op 'e Ingelske Wikipedy.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.