Slach by Loch Ryan
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
De Slach by Loch Ryan wie in treffen dat ûnderdiel útmakke fan 'e Earste Skotske Unôfhinklikheidsoarloch (1296-1328). Dizze fjildslach waard op 9 of 10 febrewaris 1307 útfochten yn 'e neite fan Stranraer, oan 'e igge fan Loch Ryan, yn 'e krite Galloway, yn súdwestlik Skotlân.
Eftergrûn
Ein maart 1306 liet Robert fan Bruce, greve fan Carrick himsels te Scone ta kening Robert I fan Skotlân kroane, wêrmei't er it iepentlik yn 'e kant sette tsjin kening Edwert I fan Ingelân, dy't himsels as lânhear fan Skotlân beskôge. Behalven mei de Ingelsen wiene Robert tagelyk en syn oanhingers ek mei de Comyns en harren Skotske meistanners deilis, om't Robert yn febrewaris 1306 syn foarnaamste binnenlânske rivaal foar de Skotske troan, Jan III fan Comyn, hear fan Badenoch, yn 'e Greyfriars Kirk te Dumfries deamakke hie.
Ferrin
Yn febrewaris 1307, doe't hiel Skotlân suver noch troch de Ingelsen behearske waard, diene Robert I en syn folgelingen yn twa groepkes in ynfal yn it súdwesten. Ien legerke, ûnder lieding fan himsels en syn broer Edwert, gie oan lân by it Kastiel fan Turnberry en sette yn Galloway útein mei in guerrilja-oarloch.
It oare legerke, besteande út 'e bemanningen fan achttjin galeien, yn totaal sa'n 1.000 man, kaam in ein súdliker oan lân, by Stranraer, nei't se fan 'e Ierske See ôf Loch Ryan yn fearn wiene. Oan it haad fan dizze kloft stiene de beide jongere bruorren Aleksander en Tomas fan Bruce, de ridder Reginald fan Crawford en de ealman Malcolm MacQuillan, hear fan Kintyre. Dit leger waard lykwols deunby it lâningsplak, oan 'e igge fan Loch Ryan, ynsletten troch pleatslike troepen ûnder Duncan MacDowall, in oanhinger fan 'e Comyns. Twa galeien wisten te ûntkommen, mar de rest fan 'e Skotske troepen sneuvele of waard ta oerjefte twongen en kriichsfinzen nommen. Under de kriichsfinzenen wiene alle lieders.
Nei ôfrin fan de fjildslach waarden MacQuillan en twa Ierske haadlju, dy't ek ta de partij fan 'e Bruces hearden, troch MacDowall daliks eksekutearre. Harren ôfsleine hollen waarden de kening Edwert I tastjoerd. Aleksander en Tomas fan Bruce en Reginald fan Crawford waarden oan 'e Ingelsen útlevere en oerbrocht nei Carlisle, yn Kumbria, dêr't se in pear dagen letter, mids febrewaris, ophongen waarden.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |