CP-fuotbal op de Paralympyske Simmerspullen
CP-fuotbal, yn it bûtenlân meastal Football 7-a-side neamd, is ien fan de sporten die op it programma fan de Paralympyske Spullen steane. It wurdt spile troch fuotballers dy’t as gefolch fan in harsenbeskeadiging in motoaryske beheining hawwe. In protte fuotballers hawwe by de berte in harsensferlamming hân of op lettere leeftyd in harsensblieding, harsensynfarkt of harsenstumor krigen. Ek fuotballers dy’t troch in koma in licht motoarysk probleem hawwe, komme yn oanmerking om CP-fuotbal te spyljen.
Regels
bewurkje seksjeDe regels foar it CP-fuotbal komme yn grutte linen oerien mei it gewoane fuotbal. In oantal regels is mar oars. In team bestiet út sân spilers, wêrûnder de doelman. Trije wiksels binne tidens de wedstriid tastien. In seleksje bestiet út tolve spilers. In wedstriid wurdt stoppe as in team minder as fjouwer fuotballers op it fjild stean hat. It fjild mjit 75 by 55 meter en it doel is lytser, 5 by 2 meter. Wedstriden besteane út twa helten fan in heal oere, mei in kertier pauze tuskentroch. As it nedich is wurdt der in ferlinging spile fan twa kear tsien minuten mei de golden goal regel; wa’t it earst skoart yn de ferlinging, wint de wedstriid.
Wichtischste ôfwikingen fan it reguliere fuotbal:
- Der is gjin bûtenspulregel.
- In yngoai mei mei ien hân útfierd wurde.
- In doelman mei maksimaal fjouwer stappen dwaan mei de bal yn de hân.
Klasifikaasje
bewurkje seksjeDe fuotballers moatte neffens de standert klasifikaasje yn ien fan de ûndersteande klassen yndield wurde:
- C5: fuotballers dy’t beheinings hawwe yn it rinnen en draven, mar dy’t gjin beheinings hawwe mei stean as sjitten.
- C6: fuotballers dy’t beheinings hawwe yn de kontrôle en koördinaasje fan alle fjouwer de lichemsdielen; bygelyks as gefolch fan lykwichtsteurnis as Spastisiteit
- C7: fuotballers mei hemiplegy, wêrby in lichemshelte beheind is en de oare helte normaal funksjonearret.
- C8: fuotballers mei in mylde foarm fan boppesteande.
Tidens in wedstriid moat der altyd in C5 of C6 spiler yn it fjild stean. As dat net mooglik is, dan moat it team mei seis fuotballers fierder spylje. Dêrnêst meie der tagelyk maksimaal trije C8 spilers yn it fjild stean.
Skiednis
bewurkje seksjeCP-fuotbal stiet fan 1984 ôf op it programma fan de Paralympyske Spullen.
Medaljes
bewurkje seksjeYn 1984 waard der ek troch fuotballers yn in rolstoel fuotballe, dit wiene de medaljes.
Edysje | |||
---|---|---|---|
New York & Stoke Mandeville 1984 | USA | CAN | GBR |
Dielnimmende lannen
bewurkje seksjeSjoch ek
bewurkje seksje
Sport op de Paralympyske Simmerspullen | ||
---|---|---|
Hjoeddeiske sporten: Atletyk | Bankdrukken | Basketbal | Blinefuotbal | Boccia | Bôgesjitten | Follybal | Goalball | Hynstesport | Hurdfytsen | Judo | Roeien | Rugby | Sjitsport | Skermjen | Swimmen | Tafeltennis | Tennis | ||
Sporten út it ferline: CP-fuotbal | Dartchery | Gewichtheffen | Hurdsilen | Koersbal | Snooker | Wrakseljen | ||
· · |