[go: nahoru, domu]

Iselham[2] (Nederlânsk en offisjeel: IJsselham, Nedersaksysk: Iesselham) is in buorskip en eardere gemeente yn de Nederlânske provinsje Oerisel. De buorskip leit yn de gemeente Stienwikerlân.

Iselham
Monumintale pleats yn Iselham
Monumintale pleats yn Iselham
Emblemen
               
Bestjoer
Lân Nederlân
Provinsje Oerisel
Gemeente Stienwikerlân
Sifers
Ynwennertal 85 (1 jannewaris 2023) [1]
Oerflak 3,74 km² wêrfan
3,69 km² lân
0,05 km² wetter
Befolkingsticht. 23 ynw. / km²
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 52° 49' N 5° 58' E
Offisjele webside
http://www.historischeverenigingijsselham.nl
Kaart
Iselham (Oerisel)
Iselham

Iselham hat 85 ynwenners (1 jannewaris 2023).

De namme komt foar as Sileham yn 1398, Yselhamme yn 1313 en Yslehamme yn 1320. De namme is ôflaat fan sele (ferheging" en ham (útstykjend stik lân, offrede stik lân). Der is ek in mooglikheid dat it earste part fan "syl" komt, mar de namme komt fan earder as dat de earste silen boud waarden.

Om 1100 setten de earste kolonisten, ferfeanters dy't kamen om it fean oan te meitsjen, harre nei wenjen yn de omkriten. Kolonisten fêstigen harren oan in feanpaad, de Alde Wei neamd, del dêr't se stikken lân fan ôf oanmakken op grûn fan it opstrekrjocht.

De tsjerke fan Iselham wurdt yn 1296 yn in oarkonde foar it earst neamd. Dêr waard yn neamd dat de tsjerke doe feriene wie mei de dekanaat fan de tsjerke fan Stienwyk. Yn 1132 en 1243 wiene dêr oarkonden dêr't de tsjerke yn neamd waard as dochtertsjerke fan de Sint-Odulfuskleaster yn Starum.

Dêr waard ynearsten ikkerbou en feehâlderij bedreaun yn Iselham. Om't Iselham midden yn in feangebiet lei, sakke de boaiem nei gefolgen fan it oanmeitsjen en ôfwetterjen fan it fean. Dêrby waard nei hegere plakken socht. In part fan it doarp ferhuze nei it easten en in part nei it westen. Yn it plak nei it easten waard letter in tsjerke boud. Op it plak nei it westen ta ûntstie de buorskip in den Hamme dy't yn 1418 fan de biskop fan Utert, Freark fan Blankenheim, in selsstannige karspel wurde mocht. Dat plak kaam Blankenham te hjitten, nei de biskop.

De tsjerke fan Iselham waard wijd oan de hillige Stefanus. It kollaasjerjocht foar it beneamen lei by de deken en kapittel fan de Sint-Klemenstsjerke fan Stienwyk.

Yn 1973 waard Iselham de namme fan de gemeente dy't ûntstien wie nei it gearfoegjen fan de gemeenten Aldemerk, Blankenham, De Kúnder en parten fan Stienwikerwâld. Yn 2001 waard dy gemeente part fan de nije fúzjegemeente Stienwikerlân.

Hjoed-de-dei

bewurkje seksje

De Histoaryske Feriening Iselham hat as wwurkmêd it gebiet fan de eardere gemeente. It blêd Silehammer wurdt troch de feriening útjûn.

Iselham hat ien ryksmonumint, in pleats op de Iselhammerwei 4 dy't typysk is foar it oergongsgebiet fan Fryslân en Oerisel. Ek is der in gemeentlik monumint, in pleast oan de Iselhammerwei 8.

 
Iensume hutte by Iselham

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Noaten
Boarnen
Wikimedia Commons  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Iselham fan Wikimedia Commons.
  Stienwikerlân  
Stêden:
BloksylFollenhoveStienwyk
Doarpen:
AldemerkBelt-SchutslootBlankenhamEesveenGiterenKallenkoteDe KúnderOssensylScheerwoldeSint-JanskleasterStienwikerwâldWanneperveenWillemsoard
Buorskippen en útbuorrens:
BaarloBaarsBarsbeekBasseBasserveldBlauwe handDe BultDoosjeDinxterveenDwarsgrachtEeseHeetveldIselhamJonenKadoelenKalenberchDe Klosse (foar in part)De KriegerDe KolkLeeuwteMarijenkampenMoespotMolenhoekMuggenbeetNederlandOnnaPaaslooPoepershoekDe PolRoekeboschRonde BlesseRonduiteThijTukWesteindeWeteringWitte PaardenZuideindeZuidveen
  ·   · Berjocht bewurkje