[go: nahoru, domu]

Nijensleek (Drintsk: Neiensleek) is in streekdoarp of lintbebouwing yn it súdwesten fan de provinsje Drinte, yn de gemeente Westerfjild (Westerveld). It doarp is in kilometer of fjouwer lang. Oan de Haadwei, de provinsjale wei fan Vledder nei Stienwyk steane de pleatsen oan beide kanten fan de wei. Yn it doarp wenje in pear hûndert ynwenners. It doarp rint fan Frederiksoard oant Eesveen yn de provinsje Oerisel.

De lizzing fan Nijensleek yn de gemeente Westerveld

Nijensleek is yn de Midsiuwen ûntstien doe't de boeren út Vledder wei de 'nije sliken' (frij oerset: nije slyk, of wiete grûnen) yn kultuer brochten en har nei wenjen setten. De skiednis fan dit streekdoarp is dus gâns oars as dat fan de letter ûntstiene wei- of streekdorpen yn de feankoloanjes lykas Stadskanaal of Gasselternijeveen. Ek op oare plakken yn Súdwest-Drinte ûntstiene yn de lette Midsiuwen sokke lintbebouwingen. Foarbylden binne Wapserveen ûntstien fanút it esdoarp Wapse, Nijeveen is sa ûntstien fanút Havelte en Ruinerwold fanút Ruinen.

Nijensleek leit tsjin it stroomdal fan de Vledder Aa. Oan de noardwestside rint de hichte stadichoan op. Dêr leit in útrinnner fan de Wâldberch, in stuwwal even ten noardeasten fan Stienwyk. De hearlikheid 'de Eese' mei har boskwachterijen leit op dy útrinner fan de Woldberg.

Nijensleek makke oant 1998 diel út fan de eardere gemeente Vledder. It doarp hat gjin echte winkels mear foar libbensmiddels. De lêste winkelman ferdwûn yn de jierren njoggentich. Wol is der in kristlike basisskoalle 'De bron', in doarpshûs Grietnstede, en in bedriuwenterreintsje Moersbergenerven mei inkele detailhannelbedriuwen.

Twadde Wrâldoarloch

bewurkje seksje

Op 15 augustus 1944 wie in loftgefjocht boppe súdwest Drinte, wêrby't meardere fleantugen delstoarten binne. By Nijensleek stoarte om 13:00 in Dútsk jachtfleantúch del (type Messerschmitt Bf 109G-6 mei searjenûmer 441988) wêrby't Unter-Offizier. R. Schierghofer fan it Luftwaffe-ûnderdiel II/JG 5 (Seisde Staffel fan it Jagd Geschwader 5 Eismeer) mei in parasjute delkaam yn de omjouwing Eesveen/ Stienwyk. De piloat rûn in brutsene skonk op nei in hurde lâning.

Berne yn Nijensleek

bewurkje seksje