[go: nahoru, domu]

Willem fan Oranje

Willem fan Oranje (Dillenburch, 14 april 1533 - Delft, 10 july 1584); soan fan greve Willem fan Nassau-Dillenburch en Juliana fan Stolberch, hie as bynamme Willem de Swijer, en wurdt yn Nederlân Vader des Vaderlands neamd, wie ynearsten steedhâlder foar de kening fan Spanje mar letter de oanstifter en lieder fan de Opstân tsjin de lânshear fan de Spaanske Nederlânnen, Filips II dy't ta de Tachtichjierrige Oarloch late.

Willem fan Oranje op âldere leeftyd, om 1580

It biedwurd fan de prins wie Je maintiendrai ('Ik sil hanthavenje'). Oan de ein fan syn libben wreide er dat út: Je maintiendrai l'honneur, la foy, la loi de Dieu, du Roy, de mes amis et moy ('Ik sil de eare, it leauwe, de wet fan God, fan de kening, fan myn freonen en my hanthavenje'). It oarspronklike biedwurd ("Je maintiendrai Chalon") kaam fan Oranje's erflitter René fan Chalon, dy't it letter wizige yn "Je maintiendrai Nassau".

As bern waard Willem luthersk grutbrocht, mar sûnt 1544, doe't er fan syn neef René fan Châlon it prinsdom Oranje erfde en rike besittings ferkrige yn de Nederlannen, waard hy te Brussel en te Breda Katolyk opfiede troch syn regintesse Marije fan Hongarije.

De jonge prins fan Oranje stie yn grutte geunst by de regintesse en by har broer Karel V. Yn 1555 waard hy troch Filips II beneamd ta lid fan de Ried fan Steat, yn 1559 ta steedhâlder fan Hollân, Seelân en Utert. Mei Egmond en Horne wurp hy him yn de striid tsjin kardinaal Granvelle, dy't lang om let it lân ferlitte moast. Fan dat stuit ôf wie Willem ien fan de wichtichste riedjouwers fan de lânfâdesse Margareta fan Parma. Fia syn broer Loadewyk stie er yn relaasje mei it Kompromis fan de Eallju.

Yn de Ried fan Steat waard Willem hieltyd mear pleiter foar in tolerantere godstsjinst-polityk. De gefolgen fan de byldestoarm brocht him lykwols yn in isolemint, en yn 1567 luts er him tebek nei Dillenburg. Dêr sleat hy him oan by de Lutheranen en yn 1570 giet er oer ta it Kalvinisme mei behâld lykwols fan in humanistyske en tolerante hâlding. Sûnt wienen de kalvanistensintra ree om mei te dwaan oan Willems militêre ûndernimming tsjin lânfâd Alva.

Neidat Willem op 19 july 1572 de yn Dordrecht hâlden earste frije Steatengearkomste wer as steedhâlder erkend wie, fêstige hy him yn Hollân. Fan dat stuit ôf stipet hy de opstân mei namme en ûnder syn bewâld. Syn besykjen om de Frânske kening safier te krijen de soevereiniteit oer de Nederlannen te oanfurdigjen, waard troch Filips II sjoen as in died fan heechferrie. Dy strafte dat yn maart 1580 ôf mei in ban en sette in rike beleanning op Willem syn haad. De prins ferdigene him benammen yn in troch syn hofprediker Villiers skreaune Apology (teoryen oer it rjocht fan opstân tsjin in ta tiran wurden soeverein). In oanslach op 10 july 1584 te Delft troch Balthasar Gerards makke in ein oan Willems libben.

Houlik en bern

bewurkje seksje

Willem fan Oranje hat fjouwer kear troud west, mei: Anna fan Bueren (1551-1558), Anna fan Saksen (1561-1575), Sjarlotte fan Bourbon (1575-1582), Louise fan Coligny (sûnt 1583).

Hy wie heit fan 15 bern, û.o. fan Filips Willem, Maurits, Anna (dy't mei har folle neef, de Fryske steedhâlder Willem Loadewyk fan Nassau-Dillenburg, troude) en Freark Hindrik.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Literatuer:

  • Arie van Deursen, Willem van Oranje; een biografisch portret.
  • Robert Fruin, Opstellen over Willem fan Oranje.
  • Jan Kikkert, Willem van Oranje.
  • Hubrecht Klink, Opstand, politiek en religie bij Willem van Oranje. Een thematische biografie.
  • Jan Romein, Willem van Oranje 1533-1584, de bevrijder. Yn: Erflitters fan ús beskaving.
  • R. van Roosbroeck, Willem van Oranje.
  • A.A. van Schelven, Willem van Oranje. Een boek ter gedachtenis van idealen en teleurstellingen.
  • M.G. Schenk, Willem de Zwijger.
  • K.W. Swart, Willem de Zwijger. Yn: Nassau en Oranje in de Nederlandse geschiedenis.
  • C.V. Wedgwood, Willem de Zwijger, Vader des vaderlands.