[go: nahoru, domu]

De Ynkwisysje (fan it Latyn inquisitio = 'ûndersyk'), folút: Inquisitio haereticae pravitatis ('ûndersyk nei it ferdjer fan de ketterij') wie in soartemint rjochtbank fan de Roomsk-Katolike Tsjerke, belêst mei de opspoaring, it ûndersyk en it straffen fan ketters, dat wol sizze minsken dy't earder oare opfettings hienen oer it leauwen yn Kristus, en de offisjele lear fan de Tsjerke ôfwize.

Galileo foar de ynkwisysje

De Ynkwisysje wie in tige krêftich ynstrumint, dat fuortendaliks ûnder it gesach stie fan de paus. Sels de biskoppen hienen gjin sizzenskip oer de ienfâldige muontsen dy't de ynkwisiteurs eins wienen, omdat ynkwisiteurs ek it dwaan en litten fan biskoppen ûndersykje mochten. Boppedat hie de paus bepale dat alle dieden tsjin de Inkwisysje, ek rjochterlike prosedueres, bestrafe soenen wurde mei ekskommunikaasje. Dêrtroch stie de ynkwisysje ek boppe alle wrâldske gesach en wie tige machtich.

Dochs wie de ynkwisysje op bepaalde hichte ôfhinklik fan de wrâldske macht, omdat sy sels net straffe koenen. Hja hienen allinnich it foech om te ûndersykjen. Sa gau as de ketters feroardiele wienen, wie de wrâldske autoriteit nedich om de straf út te fieren.

De Ynkwisysje waard oprjochte troch de dominikanen, in kleasteroarder stifte troch Dominikus Guzman, tidens de krústocht tsjin de Kataren.

De earste oanset waard jûn yn 1157 op it Konsily fan Reims, dêr't foar it earst troch de Tsjerke praten waard oer metoadyske bestriding fan ketterijen. Yn 1184 folge it dekreet fan Ferona, dêr't Lusius III yn oerlis mei keizer Frederik II de wrâldske macht oprôp yn te gripen tsjin de doedestiids wiidfersprate "ketterijen" yn Jeropa.

Yn 1211 rôp Simon fan Montfort, de lieder fan de krústocht tsjin de Kataren yn Pamiers in ‘parlemint’ gear. Hjir waarden rigels betocht dy't letter brûkt wurde soenen en waard de gearwurking tusken tsjerke en steat fêstlein. Sûnt dy tiid koe de ynkwisysje stadichoan begjinne mei in systematyske ferfolging fan Kataren en oarstinkenden.

Lykas as oerienkomd wie hie de ynkwisysje net it foech om straffen út te fieren. Doe't letter de wrâldske macht net langer meiwurkje woe oan de útfiering fan de straf, lykas úteinlik opnommen waard yn de grûnwet, nammentlik troch de skieding fan tsjerke en steat, waard tsjerklike ynkwisysje eins machteleas. Sûnt dy tiid beheint de macht fan de ynkwisysje har inkeld ta de eigen rigen binnen de tsjerke.

Keppeling om utens

bewurkje seksje