[go: nahoru, domu]

Blesdike

De ferzje fan 11 nov 2007 om 16.53 troch Theun (oerlis | bydragen) (Berjocht)
Blesdike
Himrik fan Blesdike
gemeente Weststellingwerf
Gritenij {{{gritenij}}}
Stimmen 69
Ynwenners (2007) 478
Huzen 181
Koördinaten 52° 50' NB, 6° 0' EL
Netnûmer 0519
Postkoade 9123
Webstee www.blesdijke.com

Blesdike is in doarp yn de gemeente Weststellingwerf, súdlik fan Wolvegea ticht by de provinsjegrins. It doarp hat likernôch 478 ynwenners, dit is folle leger wurden as earder troch grinswizigingen, De Blesse is no in doarp apart, mar wie earst in part fan Blesdike. De taal is meast Stellingwerfsk.

Skiednis

In 1361 fiert de biskop Jan fan Arkel twarres in strafekspedysje út yn de Stellingwerven omdat de boeren de opleine skattingennet betelje wolle. By de twadde tocht wurdt Blesdike yn de brân stutsen.

Yn de Nijkspolder boppe Blesdike wie yn de Twadde Wrâldoarloch in skoftke in kamp foar Joadske twangarbeiders.

"It Karkien"

Yn 1328 stie hjir al in tsjerke, dy't yn 1836 ynstoarten wêze soe. Yn it ynstitúsjebrief fan 18 febrewaris 1562 blykt dat it tsjerkje de hillige Nikolaas as beskermhillige hie. De tsjerke fan no is yn 1843 boud. Op in gevelstien yn it tsjerkje stiet: "In 1843 is deze kerk herbouwd onder directie van de kerkvoogden Albert Sents Len­stra, Tiemen Meines de Boer, Gerrit Wanders Terwisscha. Waakt en bidt."

Befolking:

Keppeling om utens