[go: nahoru, domu]

Blesdike
Himrik fan Blesdike
gemeente Weststellingwerf
Gritenij {{{gritenij}}}
Stimmen 69
Ynwenners (2007) 478
Huzen 181
Koördinaten 52° 50' NB, 6° 0' EL
Netnûmer 0561
Postkoade 8398
Webstee www.blesdijke.com

Blesdike is in doarp yn de gemeente Weststellingwerf, súdlik fan Wolvegea ticht by de provinsjegrins. It doarp hat likernôch 478 ynwenners, dit is folle leger wurden as earder troch grinswizigingen, De Blesse is no in doarp apart, mar wie earst in part fan Blesdike. De taal is meast Stellingwerfsk.

Wetterkearing en trochlit oan de Saswei

Skiednis

In 1361 fiert de biskop Jan fan Arkel twarres in strafekspedysje út yn de Stellingwerven omdat de boeren de opleine skattingennet betelje wolle. By de twadde tocht wurdt Blesdike yn de brân stutsen.

Yn de Nijkspolder boppe Blesdike wie yn de Twadde Wrâldoarloch in skoftke in kamp foar Joadske twangarbeiders, Kamp It Petgat.

"It Karkien"

 
Tsjerke fan Blesdike
  De Wikipedy hat ek in side Tsjerke fan Blesdike.

Yn 1328 stie hjir al in tsjerke, dy't yn 1836 ynstoarten wêze soe. Yn it ynstitúsjebrief fan 18 febrewaris 1562 blykt dat it tsjerkje de hillige Nikolaas as beskermhillige hie. De tsjerke fan no is yn 1843 boud. Op in gevelstien yn it tsjerkje stiet: In 1843 is deze kerk herbouwd onder directie van de kerkvoogden Albert Sents Len­stra, Tiemen Meines de Boer, Gerrit Wanders Terwisscha. Waakt en bidt,

Monumint It Petgat

Monumint 'It Petgat' oan de Nykswei is in earebetoan oan de sirka fyftich joadske twangarbeiders dy't yn de Twadde Wrâldoarloch yn strafkamp It Petgat tewurksteld wiene. De ynternearden kamen út oare kampen, der wienen in fyftich fan soksoarte kampen yn Nederlân. Sokke kampen wienen in foarportaal fan Kamp Westerbork en binne njoggen moanne brûkt. Yn elk kamp sieten sa'n 150 à 200 manlju tusken 18 en 65 jier. De wurkkampen leinen yn isolearre dielen yn Fryslân en Drinte, fier fan de Rânestêd dêr't de measte joaden wennen. De striidbere manlju waarden sa isolearre. De Dútsers brûkten de ynfrastruktuer dy't der al lei. Yn de tritiger jierren wienen de kampen boud yn it ramt fan de wurkferskaffing. Om ophef foar te kommen woe de besetter it lykje litte oft it wer soksoarte kampen wiene. De joadske manlju moasten heide omspitte of wegen oanlizze ûnder lieding fan deselde organisaasje as foar de oarloch: de Rykstsjinst foar de Wurkferromming. It tafersjoch op it wurk wie yn hannen fan de Nederlandsche Heidemaatschappij en ek yn it kamp sels hienen Nederlanners de leiding.

It Blesdiker wurkkamp bestie mar fjouwer moanne. It wie in strafkamp foar joaden dy't yn oare kampen meidien hiene oan 'werhelle wangedrach, opruiïng, hântaastlikheden en soksoarte'. Yn It Petgat gou in spesjaal rezjym. De regels foar smoken en it ferstjoeren en ûntfangen fan post wiene stranger as op oare plakken. Tsien man, ek mear as normaal, begelaten de joaden nei it wurk. It wie swier weurk, benammen foar stêdelingen dy't oant dan harren jild fertsjinne hiene yn de hannel of konfeksje. Echt kleie dienen de tewurkstelden net. In wurkkamp yn Nederlân, sa waard har foarhâlden, wie altiten better as twangarbeid yn Poalen. Yn de nacht fan 2 op 3 oktober 1942 (mei Jom Kipoer) moasten de manlju fan alle fyftich kampen yn sân hasten fuort. Op itselde momint waarden harren froulju en bern út hûs helle. Sa bedarren yn ien ien nacht mear as tsientûzen joaden yn Westerbork. Dêrnei waarden se ombrocht yn de gaskeamers fan Auschwitz en Sobibór.

De ferfallen barakken fan It Petgat waarden yn de jierren fyftich ôfbrutsen, neidat der yn 1946 ek noch in skoftke NSB'ers ûnderbrocht wienen. Wat noch oer is fan it strafkamp is in lyts boskje, healwei de Nijkswei en de Markewei. Omdat de betonnen fûnemintpeallen lizzen bleaune, die net ien boer war om de grûn by syn lân te lûken. Sa krige de natuur geandewei frij spul op it kampterrein.

Befolking

Strjitten

Aan de Regel, Ikenleane, Fryske Fjildwei, Legebroekwei, Klysterbeileane, Markewei, Nijkswei, Saswei, Stienwikerwei.

Sjoch ek

Keppeling om utens