Blesdike: ferskil tusken ferzjes
Content deleted Content added
No edit summary |
FreyaSport (oerlis | bydragen) L →It besjen wurdich: oars |
||
(36 tuskenferzjes fan 15 meidoggers net werjûn) | |||
Rigel 1:
{{Universele ynfoboks stêd
| namme =
| ôfbylding = Blesdijke Friesland.jpg
| ôfbyldingsbreedte =
| ôfbyldingstekst = ''Tsjerke fan Blesdike''
| wapen =
| ynwennertal = {{Statistyk wenplak Fryslân ynwenners|Blesdike}} <small>({{Statistyk wenplak Fryslân ynwenners|TXT=Year}})</small><ref>https://opendata.cbs.nl/statline</ref>
| oerflak = 15,62 km², wêrfan: <br> - lân: 15,48 km² <br> - wetter: 0,13 km²
| befolkingstichtens = 31 ynw. / km²
| stêdekloft =
| hichte =
| lân = [[Ofbyld:Flag of the Netherlands.svg|20px]] [[Nederlân]]
| bestjoerlike ienheid 1 = Provinsje
| namme bestjoerlike ienheid 1= [[Ofbyld:Frisian flag.svg|border|20px]] [[Fryslân]]
| bestjoerlike ienheid 2 = Gemeente
| namme bestjoerlike ienheid 2= [[Ofbyld:Weststellingwerf flag.svg|border|20px]] [[Weststellingwerf]]
| bestjoerlike ienheid 3 =
| namme bestjoerlike ienheid 3=
| bestjoerlike ienheid 4 =
| namme bestjoerlike ienheid 4=
| boargemaster =
| stedsyndieling =
| stifting =
| postkoade = 8398
| tiidsône = [[UTC]] +1
| simmertiid = UTC +2
| koördinaten = {{Koördinaten yn tekst|52_50_49_N_6_0_49_E_scale:12500_type:landmark_region:NL|52° 50' N 6° 0' E}}
| webside = [https://inblesdijke.nl/ inblesdijke.nl]
| ôfbylding2 = Map NL Weststellingwerf Blesdike.png
| ôfbyldingstekst2 = ''Lokaasje Blesdike (grien) yn de gemeente Weststellingwerf''
| ôfbylding3 =
| ôfbyldingstekst3 =
| mapname = Fryslân
| lat_deg = 52
| lat_min = 50
| lat_sec = 49
| lat_dir = N
| lon_deg = 6
| lon_min = 0
| lon_sec = 49
| lon_dir = E
}}
'''Blesdike''' is in doarp súd fan [[Wolvegea]] yn de gemeente [[Weststellingwerf]] tichteby de grins mei [[Oerisel]].
Blesdike hat {{Statistyk wenplak Fryslân ynwenners|Blesdike}} <small>({{Statistyk wenplak Fryslân ynwenners|TXT=Year}})</small><ref>https://opendata.cbs.nl/statline</ref> ynwenners. Mei't [[De Blesse]] in apart doarp waard is Blesdike ynwenners kwyt rekke.
De taal is meast [[Stellingwerfsk]].
== Skiednis ==
In [[1361]] fierde de biskop [[Jan van Arkel (biskop)|Jan fan Arkel]] twaris in strafekspedysje út yn de [[Stellingwerven]] om't de boeren de opleine skattingen net betelje woene. By de twadde tocht wurdt Blesdike yn de brân stutsen.
=== Tsjerke ===
[[Ofbyld:Blesdike, de yn 1722 troch Jacobus Stellingwerf tekene Nikolaastsjerke.jpg|thumb|left|''De midsiuwske tsjerke fan Blesdike'']]
Yn [[1328]] hie it doarp al in tsjerke. Nei it platbaarnen fan it doarp waard de tsjerke yn 1413 op 'e nij boud, dy't neffens in ynstitúsjebrief fan [[18 febrewaris]] [[1562]] oan de hillige [[Niklaas fan Myra|Nikolaas]] wijd wie. De âlde tsjerke waard yn [[1843]] ôfbrutsen, nei't dy mooglik al yn it jier 1836 ynstoart wie.<ref>[https://reliwiki.nl/index.php?title=Blesdijke,_Markeweg_89_-_Hervormde_kerk_(1413-1843) Reliwiki, oproppen 27 juny 2023]</ref>
De tsjerke fan no is yn [[1843]] boud. Op in gevelstien yn it tsjerkje stiet: ''In 1843 is deze kerk herbouwd onder directie van de kerkvoogden Albert Sents Lenstra, Tiemen Meines de Boer, Gerrit Wanders Terwisscha. Waakt en bidt.''
De tsjerke waard yn 2004 troch de herfoarme gemeente ferkocht en is no in sintrum foar kulturele aktiviteiten en bysûndere tsjinsten.
=== Kamp It Petgat ===
Yn de Nijkspolder boppe Blesdike lei yn de [[Twadde Wrâldoarloch]] ien fan de 50 Nederlânske wurkkampen foar [[Joaden|Joadske]] twangarbeiders. De wurkkampen leinen yn isolearre dielen fan Fryslân en Drinte en wiene yn 'e jierren 1930 oanlein yn it ramt fan de [[wurkferskaffing]]. De Dútsers brûkten de besteande ynfrastruktuer om dêr sa'n 150 à 200 joadske manlju tusken 18 en 65 jier te isolearjen. De joaden moasten heide omdolle of wegen oanlizze ûnder lieding fan deselde organisaasje as foar de oarloch: de [[Rykstsjinst foar de Wurkferromming]]. It tafersjoch op it wurk wie yn hannen fan de [[ARCADIS|Nederlânske Heidemaatskippij]] en ek yn it kamp sels hienen Nederlanners de lieding.
[[Ofbyld:Joods monument It Petgat Nijksweg Blesdijke.jpg|thumb|left|''Monumint 'It Petgat' '']]
It Blesdiker wurkkamp bestie mar fjouwer moanne. It wie in strafkamp foar joaden, dy't yn oare kampen meidien hiene oan 'werhelle wangedrach, opstokeljen, hântaastlikheden en soks'. Yn It Petgat gou in spesjaal rezjym; de regels wiene stranger as yn oare soartgelikense kampen. Tsien man, ek mear as normaal, begelaten de joaden nei it wurk. It wie swier wurk, fral foar stedsjers dy't oar wurk wend wiene. De finzenen krigen te hearren dat it wurkkamp yn Nederlân altiten noch better wie as twangarbeid yn [[Poalen]]. Yn 'e nacht fan 2 op [[3 oktober]] [[1942]] (mei [[Jom Kipoer]]) waarden de manlju fan alle fyftich kampen yn sân hasten weihelle en nei [[Kamp Westerbork|Westerbork]] brocht. Tagelyk waarden ek harren froulju en bern út hûs helle. Fanút Westerbork waarden hja deportearre nei de gaskeamers fan [[Auschwitz]] en [[Sobibór]].
De ferfallen barakken fan It Petgat waarden yn de jierren 1950 ôfbrutsen, nei't der yn 1946 ek noch in skoftke [[Nasjonaal-Sosjalistyske Beweging|NSB]]'ers finzen sieten. Wat noch oer is fan it strafkamp is in lyts boskje, healwei de Nijkswei en de Markewei. Om't de betonnen fûnemintpeallen lizzen bleaune hat net ien boer war dien om de grûn by syn lân te lûken. Sa koe de natuer syn gong gean op it kampterrein.<ref>[http://www.webcitation.org/query?id=1256569015724085&url=www.geocities.com/twilhaar/blesdijke.html Ljouwerter Krante/Binne Keulen: Het vergeten kamp Blesdijke]
</ref>
Monumint 'It Petgat' oan de Nijkswei betinkt de likernôch fyftich [[Joaden|joadske]] twangarbeiders yn it strafkamp It Petgat.
== Mienskip ==
Blesdike hat in [http://www.blesdijke.info/et%20kraantien.html doarpsbelang], mar gjin eigen doarpshûs. De doarpskrante 'Et Kraantien' ferskynt fiifris yn 't jier.
[[Ofbyld:Blesdijke..jpg|thumb|260px|''Markewei'']]
=== Tsjerke ===
{{Apart|Tsjerke fan Blesdike}}
* [http://kerkwpb.nl/ PKN-gemeente Blesdike-Willemsoard-Pepergea]
=== Skoalle ===
De âlde skoalle mei twa lokalen fan Blesdike is hjoed-de-dei ferboud ta wente. It meast tichteby is de
[https://scholenopdekaart.nl/basisscholen/de-blesse/10764/openbare-basisschool-dorpsschool-de-blesse/ iepenbiere basisskoalle] fan De Blesse.
=== Befolkingsferrin ===
{| class="wikitable" style="width:450px"
|-
! style="text-align:left;"| Jier || 1840 || 1850 || 1954 || 1959 || 1964 || 1969 || 1974 || 2004
|- style="text-align:center;"
|style="text-align:left;"| '''Ynwenners''' || 393 || 560 || 857 || 813 || 789 || 622 || 496 || 370
|-
! style="text-align:left;"| Jier || 2015 || 2020
|- style="text-align:center;"
|style="text-align:left;"| '''Ynwenners''' || 470 || 490
|}
=== It besjen wurdich ===
[[Ofbyld:Kasteel Old Stoutenburght van Gregorius Halman. Blesdijke.JPG|thumb|260px|''Kastiel [[Ald Stoutenburch]]'']]
It tsjerkje fan Blesdike datearret út de earste helte fan de 19e iuw en ferfong de midsiuwske tsjerke út de 15e iuw.
Sûnt 1990 wurke in partikulier oan de Markewei oan de bou fan in 27 meter heech kastiel, dat de namme '[[Ald Stoutenburch]]'. De [[folly]] waard ferneamd nei de [[Toutenburch (kastiel)|Toutenburch]], it midsiuwske kastiel dat foar [[Georg Schenk fan Toutenburch]] boud waard.
Noardlik fan it doarp stiet oan de Nijkswei in yn 2005 fan âldere ûnderdiele fan in wynmotor út de Wolvegeaster polder de Haan boude Amerikaanske wynmotor.<ref>[https://www.molendatabase.net/detail.php?dbnr=47 Molendatabase, oproppen 27 juny 2023]</ref>
==Strjitten==
Aan de Regel, Ikeleane, Fryske Fjildwei, Legebroekwei, Klysterbeileane, Markewei, Nijkswei, Saswei, Stienwikerwei.
== Sjoch ek ==
* [[Fryske doarpen]].
== Keppeling om utens ==
* {{nl}} [http://www.stellingwerven.dds.nl/dorpen/blesdijke/blesdijke.htm Skiednis Stellingwerven en Noardwest Oerisel]
{{boarnen|boarnefernijing=
<references/>
----
{{Commonscat|Blesdijke|Blesdike}}
}}
{{koördinaten|52_49_6_N_6_3_23_E_type:city_zoom:14_region:NL|52° 49' NB, 6° 0' EL}}
{{Weststellingwerf}}
[[Kategory:Blesdike| ]]
[[Kategory:Doarp of stêd yn Weststellingwerf]]
|