[go: nahoru, domu]

Jump to content

Licensing update/Vote-header/fy

From Meta, a Wikimedia project coordination wiki
The printable version is no longer supported and may have rendering errors. Please update your browser bookmarks and please use the default browser print function instead.
Translators: When updating the vote header, please also update its status at Licensing update/Header tracking so the updated content will be properly copied to the vote server.
It bestjoer fan de Wikimedia Foundation noeget de Wikimedia-mienskip út om te stimmen oer in útstel foar in lisinsjewiziging op alle Wikimedia-projekten.

It útstel komt derop del, dat materiaal op de Wikimedia-projekten njonken ûnder de no jildende GFDL ek beskikber komme sil ûnder de CC-BY-SA-lisinsje. It bestjoer hat ferskate mooglikheden yn him omgean litten en tinkt dat dit útstel it bêste is om ús mienskiplike doel te berikken: it sammeljen, ûntwikkeljen en fersprieden fan edukatyf materiaal en dat beskikber te stellen foar minsken oer de hiele wrâld, fergees, oant yn de ivichheid.

Konkreet hâldt dit útstel yn, dat de lisinsje en de gebrûksbetingsten op alle projekten sa oanpast wurde:

  1. Alle ynhâld dy't no ûnder de GFDL beskikber is, sil ek beskikber komme ûnder de CC-BY-SA-lisinsje, sa't eksplisyt tastien is yn de lêste ferzje fan de GFDL.
  2. Dizze nije dûbele lisinsjefoarm sil ferplicht wurde foar nije bydragen út de mienskip. Wat ynhâld fan tredden oanbelanget sil it mooglik wurde om materiaal ta te foegen dat allinnich ûnder de CC-BY-SA-lisinsje falt.
  3. Werbrûkers sille derop wiisd wurde dat ynhâld dy't allinnich ûnder de CC-BY-SA-lisinsje beskikber is net brûkt wurde mei ûnder de GFDL.

Neffens de hjoeddeiske regleminten en wisânsjes en de betingsten fan de CC-BY-SA-lisinsje sil it foar werbrûkers ferplicht wurde om auteurs en bewurkers fan it boarnemateriaal te fernijen. Dit sit teminsten barde moatte mei in hyperlink of in URL nei it orizjinele materiaal.

Mear detaillearre ynformaasje oer dit útstel is hjir yn it Ingelsk te finen. In oersetting yn it Nederlânsk stiet hjir. Der is ek in oersjoch fan faak stelde fragen en antwurden, hjir yn it Ingelsk en hjir yn it Nederlânsk.

Úteinlik sil it bestjoer fan de Wikimedia Foundation oer it útstel beslisse op basis fan in evaluaasje fan de stimresultaten. Teminsten de helte fan de stimmers sil dit útstel stypje moatte wol it ymplemintearre wurde. At minder as de helte fan de stimmers it útstel stipet, sil it bestjoer oare mooglikheden ûndersykje.