Gregoriou-kleaster
Grigoriou
Γρηγορίου | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
lân | Grikelân | |
plak | Agio Oros 603 86 | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Kleaster | |
boujier | Stifting 14e iuw | |
offisjele webside | ||
inathos.gr |
It Gregoriou-kleaster (Gryksk: Μονή Οσίου Γρηγορίου) is in otterdoksk-kristlik kleaster yn de kleastersteat Atos, Grikelân. It kleaster stiet op it santjinde plak yn de hiërargy fan de kleasters op de hillige berch.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It Gregoriou-kleaster waard stifte yn de 14e iuw, dus yn deselde iuw as it Dionysiou-kleaster en it Pantokratoros-kleaster. Fan de stifter Gregorios is mei it ferlern gean fan de argiven troch brannen yn 1500 en 1762 net in soad bekend, útsein dat it in learling wie fan de byzantynske muonts Gregor fan Sinaï. Lykas oare kleasters op Atos hat it Gregoriou-kleaster slim te lijen hân fan oerfallen troch piraten.
Om't it kleaster by de weropbou nei de brân fan 1500 in soad help krige hat fan Stefan III fan Moldaavje wurdt dy ek wol as de twadde stifter fan it kleaster neamd. It kleaster besit 279 manuskripten, dêrfan 11 op perkamint en likernôch 6000 printe boeken.
It kleaster stiet fuort oan de kust, op it súdeastlike diel fan Atos. Oanbuorjende kleasters binne it Simonopetra-kleaster en it Sint-Pauluskleaster.
Foar pylgers is it Gregoriou-kleaster in freonlik kleaster mei in hege pastorale soarch foar syn gasten. It byzantynske koar heart by de bêste koaren fan it eilân en wurdt faaks allinne noch oertroffen troch it koar fan it Vatopedy-kleaster.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Osiou Gregoriou monastery
|