[go: nahoru, domu]

Springe nei ynhâld

Rûbtsovsk

Ut Wikipedy
De ferzje fan 14 okt 2022 om 00.46 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (+ flagge)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Rûbtsovsk

Рубцо́вск

Aartsingel Michaeltsjerke
Aartsingel Michaeltsjerke
Emblemen
            
Bestjoer
Lân Ruslân
kraj Altai
Sifers
Ynwennertal 139.565 (2021)
Oerflak 84 km²
Befolkingsticht. 1661,49 ynw./km²
Hichte 215 m
Oar
Stifting 1892
stêd sûnt 1927
Tiidsône UTC+7 MSK+4
Koördinaten 51° 31' N 81° 13' E
Offisjele webside
rubtsovsk.org

Rûbtsovsk (Russysk: Рубцо́вск) is in stêd yn de kraj Altai yn it suden fan Sibearje. It is it bestjoerlike sintrum fan it rajon mei deselde namme.

It plak waard yn 1886 stifte as it doarp Rûbtsovo, dat ferneamd waard nei de earste, út it gûvernemint Samara ôfkomstige bewenner Michaïl Rûbtsov. Yn 1892 krigen de bewenners it rjocht om it lân te brûken en dat jier jilt as offisjeel stiftingsjier.

Yn 1915 waard it spoar Novonikolajevsk (hjoeddedei Novosibirsk)-Barnaul-Semipalatinsk oanlein oer it doarpsgebiet, sadat it doarp in ekonomyske ynpuls krige.

It doarp krige yn 1927 de nije namme Rûbtsovsk en it stedsrjocht.

Yn de Twadde Wrâldkriich ferhûze in bedriuw foar de produksje fan lânboumasines út Odessa en in traktorfabryk út Charkov nei Rûbtsovsk. Dat feroarsake in grutte oanwaaks fan it tal ynwenners.

Nei de Twadde Wrâldkriich lei yn Rûtsjovsk it kriichsfinzenenkamp 511 foar Dútske kriichsfinzenen.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De stêd hat in teäter en in streekmuseum.

De houten Michaeltsjerke út 1906 is bewarre bleaun.

Befolkingsûntwikkeling

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Untjouwing ynwennertal Rûbtsovsk (1840-2022)
Jier 1939 1959 1970 1979 1989 2002 2010 2010 2022
Befolking 37.709 111.357 144.951 157.082 171.792 163.063 147.002 139.565
  • Raisa Gorbatsjova (1932–1999)
  • Anatol Ugorski (1942-), pianist
  • Boris Eifman (1946-), goreograaf
  • Vladimir Rysjkov (1966-), politikus
  • Jelena Tsjalych (1974-), hurdfytser
  • Olga Kûzjûkova (1985-), skylanglaufer
  • Igor Jûrganov (1993-), fuotballer
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Rûbtsovsk fan Wikimedia Commons.