Toskboarstel
Appearance
In toskboartel (ek wol toskeboarstel of toskbjinderke) is in lytse boarstel om tegearre mei toskpoetsersguod de tosken skjin te meitsjen. Der binne twa typen toskboarstels, te witten: hântoskboarstels en elektryske toskboarstels.
- In hântoskboarstel bestiet út in stâle mei oan de útein in boarsteltsje.
- In elektryske toskboarstel hat in motorke yn it hânfêt, dy't de boarstel trilje as draaie lit.
Ut wittenskiplik ûndersyk docht bliken dat elektryske toskboarstels mear plaque ferwiderje as gewoane hântoskboarstels. It jout in skjinner gebit en in fermindere kâns op kariës.
De earste toskboarstels waarden om 1750 hinne fan bistehierren makke. Tsjintwurdich wurdt foar de boarstel keunststof brûkt.