Tsjits Peanstra
Tsjits Peanstra | ||
skriuwer | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Tsjits Jonkman-Nauta | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 6 novimber 1924 | |
berteplak | Grou | |
stoarn | 28 febrewaris 2014 | |
stjerplak | Drachten | |
etnisiteit | Frysk | |
wurk | ||
taal | Frysk | |
sjenre | Poëzy | |
útjouwer | Frysk en Frij Utjouwerij | |
prizen | Rely Jorritsmapriis (1957), (1958), (1961), (1962) | |
jierren aktyf | 1948-2002 |
Tsjits Peanstra, skûlnamme fan Tsjits Jonkman-Nauta, (Grou, 6 novimber 1924 - Drachten, 28 febrewaris 2014) wie in Frysk dichteresse. Njonken dichtsjen hat Tsjits Peanstra har ek noch op oare keunstsinnige wizen utere: se skildere, etste, makke akwarellen en boetsearre. Peanstra hat fjouwer kear de Rely Jorritsmapriis wûn.
Libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Tsjits Peanstra waard berne op de pleats Toetsma State yn Grou. Hja wie noch gjin twa jier âld doe't har heit kaam te ferstjerren. Fiif jier letter troude har mem mei Thys Jaarsma, út dat houlik waard noch in jonkje berne. Doe't Tsjits trettjin wie, ferhuze de húshâlding nei de Pean, in buorskip tusken Grou en Akkrum. Har lettere skûlnamme 'Peanstra' ûntliende hja oan dat plak. Tsjits Nauta wie in talintearre reedrydster op ’e koartebaan. Yn 1945 ferhuze hja nei Grins om dêr yn it "Academisch Ziekenhuis" in oplieding ta ferpleechster te folgjen. Nei dy oplieding waard hja wykferpleechster yn Aldeboarn. Se kaam yn 'e kunde mei it echtpear Geart en Lamkjen Jonkman; doe't Lamkjen siik waard en net wer better koe, sei Tsjits har baan op om har ferpleegje te kinnen. Neidat Lamkjen ferstoarn wie bleau Tsjits as húshâldster yn it gesin mei twa opgroeiende fammen te wenjen. Twa jier letter troude se mei Geart Jonkman. Nei in houlik fan goed alve jier kaam Jonkman hommels te ferstjerren. Tsjits pakte har âlde berop wer op en waard wykferpleechster yn Raerderhim, dat hat se dien oant se yn 1984 mei de VUT gie.
Dichteresse
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Doe't Peanstra learling-ferpleechster yn Grins wie, waard har belangstelling foar de poëzij fersterke. Hja skreau al fersen, mar dy waarden nea publisearre. Op oantrún fan jiergenoat Klaes Dykstra stjoerde hja inkele fersen op nei De Stiennen Man, it Striidblêd fan it Boun fan Frysk nasjonale Jongerein. Hja debutearre yn desimber 1948 yn dat blêd, ûnder pseudonym Tsjits Peanstra, mei de fersen ‘Sneintejûn’ en ‘Reis’. Har debút yn boekfoarm kaam yn 1955 mei de bondel Underweis, yn 1968 ferskynde Hûs fan stilte, yn 1984 folge troch Pypkrûd en yn 1988 troch Oanspield.
Oant en mei 1954 bleau De Stiennen Man it wichtichste poadium foar Peanstra, mar fan 1949 ôf kaam der ek wurk fan har yn it tydskrift De Tsjerne. Letter kamen der ek publikaasjes yn it moanneblêd De Strikel en yn oare literêre blêden. Alle jierren waard der in fers fan har opnommen yn de Fryske Skriuwerskalinder. Fierder waard geregeld in fers fan har opnommen yn Fersefariaasje, in bondeltsje dat alle jierren gearstald en útjûn wurdt foar de Foardrachts-kriich fan learlingen fan it fuortset ûnderwiis yn Fryslân.
Har niget oan it wurkjen op in tema en oan eksperiminten mei aparte fersfoarmen, komt yn har literêre wurk dúdlik nei foaren. Dy niget kaam goed fan pas doe't hja yn 1981 troch it Skriuwersbûn frege waard om ien fan de groepkes te begelieden dy't it Bûn foarmje woe om begjinnende skriuwers op wei te helpen. Har ploechje, mei û.o. Sjoerd Palstra, Anneke Gerbrandy, Baukje Tsjerkje de Jong, Jurjen van der Meer en Jelle Bangma, hat fan it resultaat fan dat oer en wer elkoar ynspirearjen, twaris in bondeltsje gearstald en útjûn: Wy jouwe in rûntsje (1987) en De twadde sirkel (1993). Yn dy skriuwersrûnte is ek de dichtfoarm 100 ûntstien. De 100 hat tsien regels fan tsien wurdlidden elts. De earste acht binne frij fers, wylst de lêste twa as ôfsluting einrym brûke. Tegearre mei Jelle Bangma waard yn 2002 de bondel Dûbel tij út; in bondel mei skeakelfersen, om bar skreaun troch de beide dichters.
Yn 1999 ferskynde in sammelbondel, Neierhân, dêr't in grut ferskaat oan har dichtwurk yn te finen is. De bondel befettet 530 Frysktalige en 83 Hollânsktalige fersen, 220 fan dy fersen wiene net earder publisearre. Yn de bondel is in ynlieding fan Tineke Steenmeijer-Wielenga en in taljochting fan Goasse Brouwer, dy't fan útjouwer Frysk & Frij is.
Tema's
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It heitelân, it âldershûs en it buorkjen binne de tema's dy't yn har iere wurk te finen is, yn har lettere wurk geane dy tema's mear nei de eftergrûn. It grutste part fan har oeuvre bestiet út leafdespoëzy, dat yn it begjin faak rjochte wie op ien persoan, mar letter ek mear rjochte op de meiminske. Guon fan har fersen geane oer in ferbrutsen leafde tusken twa freondinnen. Ek skreau hja protestfersen dêr't hja faak har begienens en meilibjen ferwudet mei ferhûddûke minsken, mei oarlochsslachtoffers en bern yn hongerlannen. Ek skreau hja fersen oer siken en handikapten, dat gie dan faak oer minsken dy't hja yn har wurk tsjinkaam. Nei,t neisten har ûntfoelen, skreau hja ek memoriamfersen.
In oar tema is te finen yn har reisfersen, se beskriuwt yn dy fersen net allinnich wat se sjocht, mar ek hoe oft se dat ûndergiet. Fierders is keunst, it meitsjen en belibjen dêrfan, in geregeld weromkommend tema yn de poëzy fan Tsjits Peanstra.
Wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Poëzy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1955 : Underweis
- 1968 : Hûs fan stilte
- 1981 : Neisimmer
- 1984 : Pypkrûd
- 1988 : Oanspield
- 1999 : Neierhân : Samle fersen (mei in ynlieding fan Tineke Steenmeijer-Wielenga en in taljochting fan útjouwer Frysk & Frij, Goasse Brouwer)
- Priuwke
Meiwurke oan
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1985 : Ljouwert 700. In stêd is in stêd is in stêd.
- 1987 : Heechterp en it geheim fan de stien
- 1987 : Sinteklazegedichten. (mei Baukje Wytsma, Klaas Bruinsma, Tiny Mulder, Meindert Bylsma)
- 1987 : Wy jouwe in rûntsje
- 1990 : Skeind ferline : ferhalen oer it tiidrek 1940-1945
- 1993 : De twadde sirkel : gedichten en ferhalen
- 2002 : Dûbel tij : skeakelfersen (mei Jelle Bangma)
Toaniel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1985 : Rjochtdei op Sylt
- 1989 : Peaskedagen : ienakter foar froulju fan likernôch fyftich jier
Prizen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1957 : Rely Jorritsmapriis (fers ‘Fiif fersen yn memoriam’)
- 1958 : Rely Jorritsma-priis (fers ‘Diminsjes’)
- 1961 : Rely Jorritsma-priis (fers ‘Isrel’)
- 1962 : Rely Jorritsma-priis (ferhaal ‘As Irene komt’)