Wyk by Duerstede
Wyk by Duerstede Wijk bij Duurstede | |
---|---|
Wetter yn de stedshaven | |
flagge | wapen |
lokaasje | |
polityk | |
lân | Nederlân |
provinsje | Utert |
boargemaster | Iris Meerts (PvdA) |
sifers en geografy | |
haadplak | Wyk by Duerstede |
grutste plak | Wyk by Duerstede |
ynwennertal | 23.988 (1 jannewaris 2024) |
befolkingstichtens | 502 / km² |
oerflak | 50,40 km² |
● wêrfan lân | 37,62 km² |
● wêrfan wetter | 2,78 km² |
tal stêden | 1 |
tal doarpen | 2 |
ferkearsieren | , |
skiednis | |
oprjochte | 1300 |
oar | |
netnûmer | 0343 |
postkoade | 3945, 3947, 3960-3962 |
tiidsône | UTC +1 |
simmertiid | UTC +2 |
webside | www.wijkbijduurstede.nl |
Wyk by Duerstede (Nederlânsk en offisjeel: Wijk bij Duurstede) is in stêd en gemeente yn it suden fan de provinsje Utert.
De gemeente hat 23.988 ynwenners (1 jannewaris 2024, boarne: CBS) op in oerflak fan 50,3 km² wêrfan 2,68 km² wetter. Troch en lâns Wyk by Duerstede streame de rivieren Nederryn, Lek, Krûme Ryn en it Amsterdam-Rynkanaal.
De gemeente grinzget oan de gemeenten Houten, Bunnik, Utertske Heuvelrêch, Culemborg en Buren.
De gemeente bestiet fierder noch út de doarpen Cothen en Langbroek.
Nammeferklearring
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Foar it nammediel Wyk wurde ferskillende ferklearrings jûn, it soe ûnder mear werom gean op it Romeinske vicus, of it Germaanske wik dat "bocht" of "ynholte" betsjut.[1] It nammediel Duerstede lit him werliede ta it eardere handelsplak Doarestêd, hokker namme op syn minst diels fan Keltyske oarsprong is.[2]
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn de Romeinske tiid stie hjir oan de Ryn in Romeinsk castellum, grif Levefanum. Ek rûn de noardlike grins (limes) fan it Romeinske Ryk dwers troch Wyk by Duerstede.
Yn de iere midsiuwen lei der ien fan de wichtichste hannelsplakken fan Noardwest-Europa: Doarestêd. Om 850 foel Doarestêd troch oanfallen fan de Wytsingen. Sa wie oan frij resint de skiedskriuwing. Der wurdt wyls lykwols slim rekken mei hâlden dat natuerlike en (tsjerke)politike faktoaren yn kombinaasje mei de ferskowende machtsferhâldings nei alle gedachten in gruttere rol spilen. De Rynbêding soe him wat ferlein hawwwe, de haven soe yn dy tiid ek begjinne te fersânjen en dêroerhinne kaam in wetterstiging. It ferfal fan Doarestêd betsjutte bloei foar Tiel, Dimter en letter Utert. Der binne in soad fynsten dien yn en om Wyk by Duerstede út dizze skiednisperioades, dy't te sjen binne yn Museum Doarestêd.
Wyk by Duerstede krige yn 1300 stedsrjochten fan Gysbert fan Abcoude en wie boud oan in yn 1270 boude wentoer dy't groeie soe ta kastiel Duerstede. Koart dêrnei is grif begûn mei de ferdigening fan de stêd mei it oanbringen fan in ierden omwâling en omgrêfting wêrby't foar de omgrêfting diels gebrûk makke waard fan de âlde rivierbêdingen. Mids 14e iuw waard de stêd yn eastlike rjochting útwreide en fermoedlik waard yn dyselde perioade de stêd foarsjoen fan in stedsmuorre mei stedspoarten en fersterkingstuorren. De stedsmuorre en omgrêfing waarden om 1445 fernijd.[3]
Lizzing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De gemeente Wyk by Duerstede hat in lanlike lizzing boppe de grutte rivieren yn it midden fan Nederlân. It leit oan de krusing fan it Amsterdam-Rynkanaal mei de Lek en de splitsing fan de Nederryn yn de Lek en de Krûme Ryn.
Kearnen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De gemeente bestiet út de stêd Wyk by Duerstede (18.376 ynwenners) en is op 1 jannewaris 1996 gearfoege mei de gemeenten Cothen (2973 ynwenners) en Langbroek (2110 ynwenners).
Toerisme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Kastielen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- kastiel Duerstede
- kastiel Groenesteyn
- kastiel Hindersteyn
- kastiel Leeuwenburg
- kastiel Lunenburg
- kastiel Rynestein
- kastiel Sandenburg
- kastiel Walenburg
- kastiel Weerdesteyn
- kastiel Zuilenburg
Mûnen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- nôtmûne Oog in 't Zeil (Cothen)
- nôtmûne Ryn en Lek (Wyk by Duerstede)
Ryksmonuminten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- List fan ryksmonuminten yn Wyk by Duerstede (plak)
- List fan ryksmonuminten yn Wyk by Duerstede (gemeente)
Festivals
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Kleurryk Wyk
- Jazz by Duerstede
- Gospel by Duerstede
- Shantyfestival
- Mazijkpop
- Catch-Up Festival
Musea
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Rekreaasjegebieten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Rekreaasjegebiet waarden fan Gravenbol
Wiken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Binnenstêd (Sintrum)
- Frankenhof
- De Engk
- Noarderwaard
- Noarderwaard-noard
- Noarderwaard-súd
- De Horden
- Parkwijck
- Rivieren
- Ovens
- Skipsnammen
- Skipstermen
- De Heul
- De Geer
Takomstige bebouwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- FeilingPark (op it plak fan it eardere feilingterrein)
- Rynweide (namme fan it wenwykje fan it Jolice Terrein, yn ûntwikkeling)
- Broekwei (útwreiding)
- De Geer II (útwreiding fan de Geer, tusken de Greve fan Lynden fan Sandenburgweg en de Remus)
Yndustry
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Broekwei
- Langshaven
Parken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Doarestêd Plantsoen
- Evenemintenterrein / Stedspark
- Kastielpark
Ferkear en ferfier
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ofstannen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Utert 24 km
- Amersfoort 24 km
- Amsterdam 64 km
Rivieren
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Feartsjinst Beusichemse fear oer de rivier de Lek ferbynt Wyk by Duerstede mei Beusichem (rjochting Culemborg)
Sport
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Wyk by Duerstede hat in oantal sportferienings, wêrûnder fuotfalferiening CDW.
Bekende (eardere) ynwenners
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Rie Lips-Odinot (1908-1998), Twadde Keamerlid foar de CPN
- Jan Boone, Nederlânsk abbekaat
sieregisseur
- Irene van Lippe-Biesterfeld (5 augustus 1939), Prinses fan Lippe-Biesterfeld. Hja wennet in gedielte fan it jier yn dizze stêd.
- Nikkie Plessen (8 maaie 1985), Nederlânske presintatrise, aktrise en model
- Laura Dekker (20 septimber 1995),in Nederlânske solosylster mei de winsk om allinnich om de wrâld te silen.
Trivia
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Wyk by Duerstede hat in bynamme: "Doarestêd" (in súksesfolle hannelsstêd). It is net sa dat it hjoeddeiske Wyk by Duerstede in streekrjochte fuortsetting is fan it âlde Doarestêd. It is neamd nei kastiel Duerstede, dat op syn beurt wer neamd is nei Doarestêd.
- Wouter Hamel (19 mei 1977), Nederlânsk Jazz-sjonger
- W.G. van de Hulst jr. (4 juni 1917 - 27 juli 2006), Nederlânsk keunstskilder, byldhouwer, yllustrator en berneboekenskriuwer
- Marc Klein Essink (18 maart 1960), Nederlânsk presintator en akteur
- Martijn Lindenberg, Nederlânsk telefyzjeregisseur
- Mûne Ryn en Lek yn Wyk by Duerstede wurdt wol ris De mûne fan Ruysdael neamd. De skilder Jacob van Ruisdael soe op in ferneamd skilderij de mûne ferivige hawwe. Dit is net wier; op it skilderij yn kwestje stiet in tichtbysteande mûne dêr't no allinnich noch mar de fûneminten fan te sjen binne.
- Op 14 novimber 1998 kaam de lanlike yntocht fan de Sint nei Wyk by Duerstede. De Pakjesboat 12 lei oan op de kaai by de passantehaven. Op dizze yntocht makke Erik van Muiswinkel syn debút as Haadpiet.
- Yn 1955 waard it NK Hurdfytsen hâlden yn Wyk by Duerstede , Thijs Roks waard doe Nederlânsk kampioen.
- Yn 1979 waard de rige: Bassie & Adriaan en de Diamant opnomd yn kastiel Duerstede.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Wijk bij Duurstede fan Wikimedia Commons. |
Wyk by Duerstede | ||
---|---|---|
Stêd: Wyk by Duerstede | ||
Doarpen: Cothen • Langbroek | ||
· · |
Utert | |
---|---|
Aldewetter - Amersfoart - Baarn - De Bilt - Bunnik - Bunschoten - Eemnes - Fiifhearelannen - Houten - Iselstein - Leusden - Lopik - Montfoort - Nieuwegein - Renswoude - Rhenen - De Rûne Feanen - Seist - Soest - Stichtske Fecht - Utert (haadstêd) - Utertske Heuvelrêch - Veenendaal - Wyk by Duerstede - Woudenberg - Woerden | |
· · |