Georg Pauli
Georg Vilhelm Pauli (Jönköping, 2 july 1855 - Stokholm, 28 novimber 1935) wie in Sweedsk keunstskilder.
Hy wie in soan fan apteker en parfumfabrikant August Ferdinand Pauli (1815-1904) en Maria Laurentia Augusta Gagner. It laach Pauli kaam oarspronklik fan Itaalje en waard yn 1625 fan Sweedske adel makke. Yn 1887 troude Georg Pauli mei Hanna Hirsch, dy't ek keunstskilder wie. Georg Pauli wenne fan 1905 oant syn dea yn Storängen, Nacka, yn de omkriten fan Stokholm. Georg Pauli studearre oan de keunstakademy yn Stokholm, dêrnei yn Parys en Italië. Hy hat in soad stúdzjereizen nei it bûtenlân makke.
Fan de 90er jierren ôf har er in protte dwaande west mei muorrekilderkeunst; Pierre Puvis de Chavannes wie syn grutte foarbyld. Wichtiche plakken dy't er foarseach fan fresko’s binne it eardere Keunstmuseum fan Göteborg (no Göteborgs Stadsmuseum), Prins Eugens Waldemarsudde yn Stokholm en it haadkantoar fan Handelsbanken, ek yn Stokholm. Teffens hat er meidien oan de ûntwerpkriich foar de dekoraasje fan de hal fan it Nationalmuseum yn Stokholm, mar dat waard neat. Carl Larsson krige dy opdracht.
Om 1910 hinne feroaret Pauli syn styl, doe kaam er yn de kunde mei it doe nijmoadrige kubisme. Oant doe ta wie syn wurk fral neo-ympresjonistysk en symbolistysk. Nettsjinsteande syn feroaring fan styl is er de prinsipes fan Puvis de Chavannes wat dekorative muorreskilderkeunst oanbelange altyd trou bleaun. Dat docht fral bliken yn tal fan publikaasjes dy't er oer muorreskilderkeunst skreaun hat. Pauli wie ek allegeduerigen belutsen by it keunstdebat yn it tiidrek 1890 – 1935. Fierder wie er boekyllustrator, ûnder oaren fan Selma Lagerlöf har Gösta Berglings saga.
Tegearre mei Carl Larsson wie Georg Pauli de wichtichste fertsjintwurdiger fan de Sweedske muorreskilderkeunst om 1900 hinne.
-
Teaterfolk, 1870s
-
Óðinn mei it lyk fan Mímir, boekyllustraasje ein 19e iuw
-
Baaiende manlju
-
Frânske konfirmand
Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Ingrid Böhn-Jullander: Georg Pauli. Konstnär, författare, debattör, Stokholm 1994
- Hans Henrik Brummer e.o.: Konstnärsparet Hanna och Georg Pauli, Stokholm 1997
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Georg Pauli fan Wikimedia Commons. |