Ferfrysking
Ferfrysking is it feroarjen fan wurden of nammen dy't fan oarsprong net Frysktalich binne yn Frysktalige farianten. Ferfrysking komt benammen foar yn 'e kontekst fan Fryske gemeentlike nammen plaknammen en oare toponimen yn Fryslân. Histoarysk sjoen giet oan de hjoeddeiske ferfrysking in fernederlânsking foarôf, sadat ek fan ‘werfrysking’ sprutsen wurde kin.
In oantal geografyske beneamings waard yn it ferline yn it Nederlânsk oersetten of retûsjearre. Soks barde bytiden op ferkearde wize lykas yn it gefal fan in Hoekbloemsloot dy’t fernederlânske wie út in Oebele-om-sleat. Oan de oare kant bewarret de Nederlânske beneaming bytiden in Ald-Fryske foarm lykas it gefal is fan Sneek (Sneca) dat yn it jongere Frysk Snits wurden is.
Ferfrysking komt foar yn de iepenbiere romte benammen ta utering yn nije plaknammeboerden, strjitnammeboerden en boerden mei wetternammen dy’t ientalich Frysk of twatalich opsteld binne. Soms is yn de ferfrysking de moderne Fryske útspraak folge en net de Fryske betsjutting lykas yn Reduzum (Readhúzum, Roordahuizum). In soad foarkommende foarbylden binne de feroaring fan toponimen as -straat yn -strjitte, -laan yn -leane of -loane, -weg yn -wei, -pad yn -paad (yn de âlde Fryske stavering -paed), -vaart yn -feart, -meer yn -mar, -dijk yn -dyk, -buren yn -buorren. By moderne wurden as fiadukt giet it allinnich om in staveringsferskil (viadukt). In grutte actor yn de ferfrysking is de Topografyske Wurkgroep Fryslân .
De mate fan ferfrysking wurdt diels op provinsjaal nivo, mar benammen op gemeentlik nivo bepaald. Der binne gemeenten dy’t derfoar keazen ha om de plaknammeboerden en oare geografyske nammen allinnich noch yn it Frysk te fermelden. Yn oare gemeenten wurde de Fryske nammen under de Nederlânske nammen op de plaknammeboerden skreaun of oarsom. Yn it gefal fan twatalige fermeldings is mar ien foarm de offisjele. Hoe fier at de nammeferfrysking giet, hinget diels gear mei hoefolle Frysk yn it oangeande gebiet sprutsen wurdt en altyd mei de ynstimming fan in mearderheid ûnder politike partijen en dan benammen dy fan de Fryske Nasjonale Partij. Dy mearderheid komt ûnder druk te stean dêr’t gemeenten de lêste desennia gearfoege binne en faaks ek stêden omfetsje dêr’t de saneamd ’Frysksinnigens’ minder grut is as op it plattelân.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Iuwenlang wie de 'Hollânske' stavering fan de topografyske nammen de ienige tastiene. De ferfrysking hat har oarsprong yn 1953, doe’t it destiidske kabinet oangeande de 'Friese kwestie' bepaalde dat Fryske gemeenten it rjocht krigen om Fryske plak- en strjittenammen fêst te stellen, mar dat by dûbeltalige nammen allinnich de Nederlânske namme yn offisjele stikken fermelden wurde mocht. Yn 1979 gie de Topografyske Tsjinst akkoard mei de fermelding fan Fryske strjitnammen en dûbeltalige Fryske plaknammen (Fryske namme tusken skrapkes) op de kaarten. Yn 1981 wie Idaarderadiel de earste Fryske gemeente dy’t alle topografyske nammen ientalich yn it Frysk fêststelde. Yn 1984 waarden gemeentlike weryndielingen trochfierd, wêrby’t in oantal nij ûntstiene gemeenten (troch dizze weryndieling) de Fryske namme fiere mocht, te witten Littenseradiel (Littenseradeel), Skarsterlân (Scharsterland), Nijefurd (furd/ferd = Frysk: rjochtsfredegebiet) en Boarnsterhim (Boornsterhem). De earste besteande gemeente dy’t de Fryske gemeentenamme fêstlizze liet wie Tytsjerksteradiel (Tietjerksteradeel), dat yn 1989 tegearre mei Boarnsterhim ek alle topografyske nammen ientalich yn it Frysk opstelde. Hjirfoar moasten beide gemeenten lykwols wol prosedearje oant de Ried fan Steat, omdat de lanlike PTT him hjir net by oanpasse woe en omdat ferskate pleatslike ûndernimmers bang wiene dat se net fûn wurde koenen. De rjochter besleat úteinlik dat it private ûndernimmings frij stie om de Nederlânske nammen brûken te bliuwen. De beide gemeenten moasten de trochferwizings nei de Nederlânsktalige nammen yn it telefoanboek betelje. Letter folgen mear gemeenten.
Yn 1992 waard it rjocht om de gemeentenamme yn it Frysk fiere te meien fêstlein yn de nije Gemeentewet enyn it yn 1996 troch Nederlân ratifisearre Europeesk Hantfest foar regionale talen of talen fan minderheden. In wichtich merkteken dêrfan wie de ferfrysking fan de provinsjenamme nei Fryslân yn 1997. Lanlike ynstânsjes en bedriuwen lykas de Postbank, de Gouden Gids en it CJIB pasten harren registraasje yn de jierren 1990 oan by de Fryske nammejouwing, faak op basis fan de sûnt 1992 ferplichte NEN-noarm 5825. De PTT folge pas nei druk fan it Ryk yn 2000. De NS wie lange tiid net reewillich om it omroppen fan de stasjonsnammen te feroarjen nei de wyls op boerden al wol feroare Fryske nammen. Sa waard de útspraak fan Station Hardegarijp en Station Grouw-Irnsum pas 10 jier nei de ferfrysking fan beide plaknammen yn 1999 wizige yn 'Stasjon Hurdegaryp' en 'Stasjon Grou-Jirnsum', benammen omdat it (net-Fryske) spoarweipersoniel in Fryske útspraak net yn de mûle nimme woe.
Yn 2014 waard de formele posysje fan it Frysk noch fuortsterke trochdat de Wet gebruik Friese taal oannomd waard troch de Nederlânske oerheid, wêrmei’t it Frysk in offisjele status krige as 'twadde rykstaal'. Ien fan de útwurkings dêrfan is dat desintrale oerheden yn Fryslân lykas bygelyks gemeenten tenei regels en in beliedsplan opstelle moatsten foar it brûken fan it Frysk.
Ferset
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oer de ferfrysking is in soad te dwaan yn regionale media omdat lang net alle ynwenners ynstimme mei it lokale gemeentlike belied. It giet dan benammen om de fraach hoe fier en mei hokker tempo de ferfrysking fan de plaknammen en strjitnammen trochfierd wurdt. Faak giet it om lokale ûndernimmers dy’t bang binne dat se net fûn wurde kinne of soks as neutraal argumint brûke. Soms wurdt ek as argumint oanfierd dat it feroarjen fan nammen belestingjild kostet. Sa soe it feroarjen fan de tsjin de ôfspraken yn as definityf trochfierde wurknamme 'Friese Meren' foar in nije fúzjegemeente yn 'De Fryske Marren' mear as € 200.000 kostje moatte. It giet yn dizze, oars ûndúdlik grûndearre, besiferings om in polityk stekspul wêryn’t hege jildbedraggen as neutraal argumint yn stelling brocht wurdt. Dêrfoaroer stelle de foarstanners dat feroarings op termyn hast sûnder kosten trochfierd wurde kinne nei ôfskriuwing fan de âlde en by fernijing fan de boerden.
Yn ferskate gemeenten wikselt it belied. Yn de nij foarme weryndielingsgemeente Súdwest-Fryslân (Zuidwest-Friesland) ûntstie yn 2009 diskusje neidat de Topografyske Wurkgroep Fryslân fûn dat de grutte plakken mei Nederlânsktalige nammen as Sneek (Snits) en Bolsward (Boalsert), dy’t bewenne waarden troch in mearderheid fan Nederlânsk- alteast net-Frysktaligen harren nammen ferfryskje moasten om sa in konsekwinte taalienheid temeitsjen mei de Fryske doarpsnammen, dy’t al foar de fúzje fêststeld wiene yn ien fan de foargongersgemeenten (Wymbritseradiel). Dizze syngronisearring waard nei ferset fan de befolking net trochfierd.
Earder wie de ferfrysking yn 1984 yn in oare foargongergemeente Hemelumer Oldeferd weromdraaid; de Fryske nammen moasten nei de weryndieling dan wer in Nederlânsktalich ekwivalint krije. Op it momint fan de weryndieling wie de sitewaasje dus per gemeente oars. Nei fiif jier fan diskusje besleat de gemeente yn 2013 dat by alle plakken mei Nederlânske ekwivalinten (útsein by It Heidenskip en Ysbrechtum (IJsbrechtum)) de beide nammen fermeld wurde soene; de Nederlânske namme boppe en de Fryske dêrûnder. Nammers is it hjir skete saneamde taalbelied benammen mei taalsymbolyk yn de topografyske nammejouwing dwaande.
It ynhâldlike taalbelied yn it brûken fan Frysk as offisjele kommunikaasjetaal troch en yn oerheden ferrint muoisum, seker at it om skreaune teksten giet. De plannen oangeande dat aspekt fan it taalbelied binnen de gemeenten komme ynhâldlik net fier fan de grûn.[1]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|