[go: nahoru, domu]

Springe nei ynhâld

Jacob Adriaensz Backer

Ut Wikipedy
Selsportret (1638)

Jacob Adriaensz Backer (Harns, 1608 - Amsterdam, 27 augustus 1651) wie in Nederlânsk skilder fan Frysk komôf. Hy wie tige betûft yn it skilderjen fan hannen, fuotten en stoffen. Ek syn tekeningen, manlik en froulik neaken, binne fan grutte kwaliteit. Backer skilderde noait in lânskip of it moast al in eftergrûn foar in pastoraal wurk wêze.

De minnist Jacob Adriaensz Backer, soan fan in Harnzer bakker, wie al op jeugdige leeftyd út Fryslân wei nei Amsterdam ferhuze. Tegearre mei Govert Flinck waard hy nei alle gedachten learling fan de Ljouwerter skilder Lambert Jacobsz. Net oantoand kin wurde, dat hy lykas Govert Flinck learling west hat fan Rembrandt, wol is dy syn ynfloed werkenber yn it wurk fan Backer. Backer wie learmaster fan Jan de Baen, Jan van Noordt en Abraham van den Tempel.

Oer Backer syn libben is fierders net folle bekend: hy hat nea troud west, kocht noait in hûs en der binne gjin skandalen oer him bekend. Backer koe tige hurd arbeidzje, der binne sa'n 140 skilderijen bekend, dêr't 70 portretten by binne. De fervelagen lykje trochsichtich. It Amsterdamsk Histoarysk Museum hat in regintestik wêrmei Backer op jonge jierren al ferneamd waard.

In bekend portret skildere troch Backer, Portret fan in jonge yn it griis, sit yn de kolleksje fan it Mauritshûs yn De Haach.

  • Giltaij, J. - Jacob Backer yn: A. Blankert e.a., Hollands Classicisme yn de 17e iuwske skilderkeunst side 160, Rotterdam, (1999)
  • Bauch, K. - Jakob Adriaensz. Backer - Ein Rembrandtschüler aus Friesland, Berlyn, (1926)
  • Brink, Peter van den (et al.) (2008) Jacob Backer (1608/9-1651), útjouwerij. Waanders, Swol, ISBN 978-90-400-8558-1

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]