[go: nahoru, domu]

Springe nei ynhâld

James Welch (skriuwer)

Ut Wikipedy
James Welch (skriuwer)
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
echte namme James Welch
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 18 novimber 1940
berteplak Browning (Montana)
stoarn 4 augustus 2003
stjerplak Missoula (Montana)
etnisiteit Swartfuotsk
Gro Wânt
Iersk
wurk
taal Ingelsk
sjenre lit. romans, poëzij, non-fiksje
bekendste
  wurk(en)
Winter in the Blood
Fools Crow
prizen American Book Award 1986
Emmy Award 1994
jierren aktyf 19712003
offisjele webside
gjint

James Welch (Browning (Montana), 18 novimber 1940Missoula (Montana), 4 augustus 2003) wie in Amerikaansk skriuwer, dichter en senarioskriuwer fan mingd Yndiaansk en Iersk etnysk komôf. Hy skreau sawol romans as poëzij, en wûn ferskate prizen, wêrûnder yn 1986 de American Book Award. Syn bekendste wurken wiene de romans Winter in the Blood en Fools Crow.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Welch waard yn 1940 berne yn Browning, yn 'e Amerikaanske steat Montana. Syn heit wie in Swartfoet-Yndiaan, en syn mem wie in Gro Wânt (Gros Ventre). Beiden hiene se dêropta ek Iersk bloed, mar se wiene grutbrocht yn harren respektivelike Yndiaanske kultueren. Welch genoat syn ûnderwiis op skoallen yn it Swartfoet Yndianereservaat en it Fort Belknap Yndianereservaat. Neitiid studearre er ûnder de dichter Richard Hugo Ingelske taal- en letterkunde oan 'e Universiteit fan Montana, yn Missoula. Welch studearre ek koarte tiid oan it Kolleezje fan Noardlik Montana, yn Havre (no de Steatsuniversiteit fan Montana-Noard), en ûnderhold himsels letter as dosint oant 'e Universiteit fan Washington yn Seattle, en oan 'e Cornell Universiteit yn Ithaca, yn 'e steat New York.

Hoewol't Welch al ûnder syn studintetiid úteinsette mei skriuwen, hied er dêrmei pas yn 'e 1970-er jierren súkses. Hy skreau benammen poëzij en fiksje, en fêstige him dêrmei as lid fan 'e literêre beweging fan 'e Yndiaanske Renêssânse. Syn earste dichtbondel, Riding the Earthboy 40, kaam út yn 1971, en waard werprinte yn 1975. Welch syn earste boek, de roman Winter in the Blood, waard yn 1974 publisearre. Yn har yntroduksje by de werútjefte fan dat boek yn 2007, skreau kollega-auteur Louise Erdrich dat it "in sintrale en ynprirearjende tekst [is] foar in hiele generaasje fan Yndiaanske en regionale skriuwers út it Westen fan 'e Feriene Steaten, wêrûnder mysels."

Welch wie net in tige produktive skriuwer; hy publisearre mar ien boek yn 'e fjouwer oant tsien jier. Syn bekendste wurk wie de roman Fools Crow, út 1986, dêr't er de American Book Award yn 'e kategory bêste roman en ferskate oare prizen mei wûn. Yn gearwurking mei Paul Stekler skreau Welch yn 1994 ek it histoaryske non-fiksjewurk Killing Custer: The Battle of Little Bighorn and the Fate of the Plains Indians, oer de Slach oan de Little Bighorn en wat de Flakte-Yndianen neitiid oerkaam. Mei Stekler wie Welch ferantwurdlik foar it senario fan 'e dokumintêre Last Stand at Little Bighorn, dêr't se in Emmy Award mei wûnen.

Njonken syn literêre wurk siet Welch yn it bestjoer fan 'e Newberry Library en teffens tsjinne er as lid fan 'e kommisje oangeande betide frijlitting fan it Finzeniswêzen fan Montana. Yn dy lêste hoedanichheid wied er belutsen by it trochnimmen fan 'e dossiers fan finzenen om te besluten oft dy yn oanmerking kamen foar betidere frijlitting yn ferbân mei goed gedrach. Welch stoar yn 2003 thús yn syn wente yn Missoula, yn 'e âlderdom fan 62 jier.

romans
  • 1974 – Winter in the Blood (werútjûn yn 2007)
  • 1979 – The Death of Jim Loney
  • 1986 – Fools Crow
  • 1990 – The Indian Lawyer
  • 2000 – The Heartsong of Charging Elk
non-fiksje
  • 1994 – Killing Custer: The Battle of Little Bighorn and the Fate of the Plains Indians (mei Paul Stekler)
poëzij
  • 1971 – Riding the Earthboy 40 (werprinte 1975)
  • 19?? – Last Stand at Little Bighorn
  • 19?? – Christmas Comes to Moccasin Flat

Prizen en nominaasjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier Priis Resultaat Kategory Foar
1986 American Book Award wûn bêste roman Fools Crow
Los Angeles Times Book Prize wûn bêste roman Fools Crow
Paficic Northwest Book Award wûn bêste roman Fools Crow
1994 Emmy Award wûn bêste senario fan in dokumintêre Last Stand at Little Bighorn
1997 priis fan 'e Native Writers' Circle of the Americas wûn oeuvrepriis (Lifetime Achievement Award) oeuvre
2000 Ordre des Arts et des Lettres ûnderskaat chevalier oevre

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.