Sûmbapappegaaido
Sûmbapappegaaido | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Treron teysmannii | ||||||||||||
Schlegel, 1879 | ||||||||||||
IUCN-status: gefoelich | ||||||||||||
De Sûmbapappegaaido (Treron teysmannii ) is in fûgel fan it skaai pappegaaidowen (Treron) út de famylje dofûgels (Columbidae).
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Sûmbapappegaaido is 28 sm lang en in griene do, dy't net in soad ferskilt fan oare pappegaaidowesoarten yn 'e Yndyske Arsjipel hat. De do is griisgrien mei wat helderder grien op 'e kop en op 'e stút en de boppesturtdekfearren. De fearren fan 'e wjukken binne donker mei frij brede giele seamen. It mantsje hat in pearse oant kastanjebrune rêch.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De pappegaai komt foar op it Yndonezyske eilân Sûmba. It oantal wurdt op 10.000 oant 15.000 folwoeksen fûgels rûsd. De soarte komt op alle hichten yn iepen bosk foar oant in hichte fan 800 m.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It ferdwinen fan bosk wurdt as wichtichste bedriging fan 'e Sûmbapappegaaido beskôge. De effekten en de omfang fan 'e jacht binne ûnbekend, mar it wurdt oannommen dat dy net grut binne. De fûgel komt allinne op Sûmba foar en troch de ûntbosking nimme it biotoop en de oantallen fûgels ôf. Dêrfandinne wurdt de fûgel troch it IUCN op 'e Reade list as gefoelich ('hast bedrige') klassifisearre.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|