[go: nahoru, domu]

Quatrebras (buorskip)

Quatrebras is in buorskip yn de gemeente Tytsjerksteradiel en leit yn 'e himrik fan Hurdegaryp tusken Hurdegaryp en Noardburgum oan de N355 en oan de Provinsjale wei 356 (tusken Feanwâlden en Burgum). Dy lêste ferlear de status fan provinsjale wei nei de oanlis fan de Sintrale As.

Quatrebras, fjouwer earmen.
Club Q, 2011
Quatrebras yn 2016

Quatrebras (fjouwer earmen) is it Frânske wurd foar krúspunt. Yn Tytsjerksteradiel is it de krusing fan de wegen N355 en de N356. It giet om in ferwizing nei de fjouwersprong yn Belgje dêr't Noard- en Súdnederlanners op 17 juny 1815, de dei foar de Slach by Waterloo, stân holden tsjin de Frânsen, wêrtroch't it hast fersleine Pruisyske leger him feilich en oarderlik weromlûke koe rjochting Brussel. De oare dei waard doe yn de mande mei de Ingelsken en Nederlanners it leger fan Napoleon ferslein. Lykwols bestie dizze krusing doe noch net.

 
Eardere Maresjeseekazerne

Nei de oanlis fan de Ryksstrjitwei fan Ljouwert nei Grins yn 1830 waarden in pear jier letter ek nije diken fan Feanwâlden en Burgum (1832), de Alde Kommisjewei, nei dy strjitwei oanlein. Oan it nije krúspunt ûntstie it buorskip Quatrebras, mei in tal pleatsen en wenten en in gaadlik plak foar in herberch mei útspanning, dêr't yn de 20e iuw ek in boarterstún by wie. Yn 1890 komt de NTM-hynstetramline Dokkum-Sumar oer Quatrebras te rinnen. Yn 1926 wurdt it in stoomtramline, fan Dokkum nei Drachten, dy't oant 1947 bestean soe. Nei de oarloch waard de krúsing in halte op mear as ien buslinen.

Fan 5 desimber 1893 oant 1 maart 1943 hie de brigade Noordbergum fan de Keninklike Maresjesee syn kazerne op Quatrebras. It gebou húsmannet al in pear desennia in antykhannel yn.

Quatrebras wie sûnt 1979 bekend fan bar-dancing Quatrebras, letter Club Q dy't sa'n bytsje op it plak fan it âld hotel-kafee stie. Club Q sleat de doarren yn 2015 en waard yn desimber 2021 ôfbrutsen.[1]

Ald Quatrebras yn byld

bewurkje seksje

Iepenbier ferfier

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Tresoar, fotoargyf
  • Noordhoff Atlasproducties (1990). Grote Historische Atlas van Nederland, 2 Noord-Nederland 1851-1855
  • Atlas Eekhoff, 1849-1859
  • Noordhoff Atlasproducties (2009). De Bosatlas van Fryslân - Een ontdekkingsreis door Fryslân in kaarten en beelden. Noordhoff Atlas Producties. ISBN 9789001779047
  • Webstee Koninklijke Marechaussee

Noat:

  1. Dj Auke Veenstra 'Quatrebras wie myn leven', Frysk Deiblêd 18 desimber 2021, s. 16
  Tytsjerksteradiel  
Doarpen en útbuorrens:
AldtsjerkBurgumEarnewâldEastermarFeanwâldsterwâl (foar in part)GarypGytsjerkHurdegarypJistrumMûneinNoardburgumOentsjerkRyptsjerkSumarSuwâldTytsjerkWyns
Buorskippen:
Bartlehiem (foar in part)De JoereGytsjerksterhoekeIt HeechsânIniaheideKûkherne (foar in part)Lytse GeastNoardermarQuatrebrasSigerswâldSkûlenboarchSumarreheideTergrêftIt WytfeanSânhuzenSwarteweisein
  ·   · Berjocht bewurkje